Menu

171201 daphne Alderts en annet Nopper aan tafelHEERENVEEN – Schaatstalenten Daphne Alderts uit Sint Nicolaasga en Annet Noppert uit Scharsterbrug zijn beide negentien, volgen dezelfde opleiding en zitten in dezelfde schaatsploeg. Via het zogenoemde endurance-principe van het Gewest Friesland, waarin de ‘langebaan’ met marathon wordt gecombineerd en de samenwerking met schaats Team Palet Schilderwerken, hopen de vriendinnen de stap naar het topschaatsen te maken. ,,Miskien komt dy kâns dit jier al.”

De vriendinnen hebben net hun trainingsrondes in Thialf gehad en gaan voor de fotosessie aan een tafel zitten. Op de achtergrond kijken de ploegleider en hun teamgenoten van Palet Schilderwerken toe. Het voelt ongewoon. De aandacht is voor eventjes op de beide talenten gericht en niet op één van de erkende ‘marathonkanonnen’ als Elma de Vries en Ineke Dedden uit hun ploeg. Schuw van verlegenheid zijn Daphne Alderts en Annet Noppert allerminst. Ze kijken elkaar aan, lachen even en kijken in de camera alsof het de gewoonste zaak van de wereld is. De twee voelen elkaar goed aan. Waarschijnlijk omdat hun wegen elkaar vanaf het eerste moment op het ijs kruisen. Ze kennen elkaar door en door en reden al bij de Sint Nykster Schaats Trainingsclub Donia (STD) met elkaar.
Daphne: ,,Annet stjoerde mei dizze wike in foto fan ús by STD. Wachtsje efkes dan sykje ik ‘m op.”
Annet: ,,As lytse famkes krigen we tegearre training fan Sjoerd de Boer en Jan Werkman, sa as in soad STD’ers.”

171201 Daphne en Annet STD fotoOp de telefoon staat een foto van twee kleine meisjes in starthouding.
Annet: ,,Dy grutte dat bin ik.”
Daphne: ,,Op it Bornego College kamen we byinoar yn ‘e klasse. Tafallich folgje we no beide ek de MBO-oplieding ferpleechkunde oan it Friesland College op It Hearrenfean. Dat hat ek te meitsjen mei de mooglikheden, dy’t we krije om skoalle mei it trainen te kombinearen.”

Annet kwam als junior bij het Gewest Friesland terecht en vanwege het talent op de langere afstanden bij Palet Schilderwerken. Daphne bewandelde een iets andere weg.
Annet: ,,It marathonriden luts my wol, mar op jonge leeftiid binne der net sa’n soad mooglikheden. Myn trainer Henk Hospes fertelde doe oer de endurance-groep. Dat wie perfekt fansels.”
Daphne: ,,It foardiel is dat de marathon mei it langebaanriden kombinearre wurdt. It ien fersterkt it oar.”

Met Demi van Benthem uit Ens en Sterre Jonkers uit Emmen vormen de vriendinnen het opleidingsteam van Palet Schilderwerken. Niet zonder succes. De eerste resultaten zijn al geboekt.
Daphne: ,,It foardiel is dat wy no traine kinne mei de rydsters út it Topdivisie team fan Palet. Imke Vormeer, Jade van der Molen, Ineke Dedden en Elma de Vries binne toppers wêr't wy ús oan oplûke kinne. Dêr leare we in hiel soad fan.”
Annet: ,,Sa sjocht Elma de Vries bygelyks hiel geregeld by ús wedstriden en fertelt wat der miskien better kin. Ik bin sels in oanfallende rydster, mar kin sa no en dan myn kreften better sparje om de sprint foar Demi oan te trekken. Elma fertelt dat en is dus ek in soad coach foar ús.”

171201 daphne Alderts en annet Nopper in actieDe talentvolle dames hoeven dankzij het endurance-principe niet een keuze te maken voor het langebaanschaatsen of de marathon. Daar zijn ze op dit moment erg blij mee.
Daphne: ,,Beiden binne leuk. It moaie fan it langebaanriden is dat hja yn in soad bubbel sitte. In trance ryd ik de rûntsjes. De keunst is om dy sa flak mooglik te riden.”
Annet: ,,By marathon is it echt sleure en trekke. En leau my mar dat der yn it damespeloton in hiel soad sleurd wurdt.”
Daphne: ,,It kloppet wat Annet seit. Grut ferskil is ek dat je by it langebaanriden eins mar ien kâns hawwe. De hiele ôfstân moat dus perfekt wêze. Wylst hja yn in marathon ek wol op gang komme kinne en sels as immen falt, is der noch altiten in kâns om werom te riden.”
Annet: ,,By marathon komt der wol wedstrydtaktyk by sjen. Mei trainer Eelco Kooistra besprekke wy fan te foaren altiten ferskate scenario’s. As de wedstriid sa ferrint dan dogge we dit, giet it oars dan dogge we dat. Sjoch… Massasprints gean ik net winnen, mar miskien dat ik mei in oanfal fuort bliuwe kin. Dan meitsje ik in kans.”
Daphne: ,,Dat jild ek foar my. En slagget it net, dan trekke we de boel oan om Demi de bêste kâns yn de sprint te jaan. Marathon is in ferrekte muoilik spultsje. We moatte goed kommunisseare en der fanút gean kinne dat eltsenien de ôfspraken ek nei komt.”
Annet: ,,Dêrfoar moatte jo eins wol goeie freondinnen wêze. Wy moatte it foar inoar oer ha om dingen op te lossen en de eigen belangen oan de kant te skowen foar in oar. Komt in teamgenoatsje as earste oer de streek, dan is it eins de winst foar it team.”

171201 Daphne en Annet pratendWaar liggen de eigen krachten?
Annet: ,,Daphne is hiel precys en hat in geweldich moaie technyk. Boppedat is se altiten op skik, wêrtroch it eins ek altiten gesellich is.”
Daphne: ,,Annet is in echt trochsetter. Se is net bang en lûkt it hiele soadsje altiten goed oan. Dêr binne ek moaie resultaten út kaam.”
Annet: ,,Ik merk dat myn eigen resultaten op de langebaan hieltiten better wurde. Ek yn ‘e marathon giet it moai, al moat ik wol earlik wêze dat we no yn ‘e regiotop útkomme en it ferskil mei de dames yn ‘e lanlike topdivisie wol grut is.”
Daphne: ,,It kloppet dat it grutte stap is. Oan de oare kant kriebelt it wol as ik oan de kant nei dy dames sjoch. It betsjut in soad traine en hoapje op in kâns.”
,,Wat dat oanbelanget sitte we op in goed plak by Palet. We ha geweldige ploechlieders en trainers. Se regelje echt alles. De begelieding is super. Dan is it oan ús om dy kâns te pakken.”
Annet: ,,It liket my in geweldich moaie ûnderfining om twahûndert kilometer op natoeriis te riden. Miskien mei dat al rap op de Weissensee yn Eastenryk. De beste fyftsin froulju yn de regiotop meie dêr ek oan meidwaan. Dat kin samar ien fan ús wêze. De earste kâns om mei de topdivyzje mei te riden. En dêrnei? Myn dream is fansels om ea de Alvestêdentocht te riden.”
Daphne: ,,Earlik sein ha ik dat net lykas Annet. Ik bin in bytsje in kjeldkleum. We binne no wol hiel ferwen mei Thialf. Mar fansels… as de Alvestêdentoch organisearre wurdt, dan wol ik dy ek ride. Sa’n kâns krije miskien nea wer.”

Het schaatstalent hebben de vriendinnen in ieder geval niet van vreemden.
Annet: ,,Myn mem is tige sportyf en hat ek wol reedriden. Myn súske rydt ek. Wy krije fan myn âlders alle romte om de kansen te pakken.”
Daphne: ,,Myn heit hat in soad ûnderfining yn ‘t riden en hat ek lanlik oan marathons dien. Hy is no trainer by Palet en wurket meinammen mei de dames út it Topdivisie-team.”

171201 Daphne en AnnetToekomstplannen genoeg. De grote vraag is echter of de beide dames onafscheidelijk blijven.
Daphne: ,,Salang we tegearre ride kinne, dogge we dat, mar it hinget ek fan de kânsen ôf. As Annet in moaie oanbieding krijt, dan sil dat net fan my ôfhingje of se dy pakt.”
Annet: ,,Eins is it ek tafal dat we op dit stuit mei inoar yn it team sitte. We lûke in soad op, ek omdat we ek nochris deselfde opleiding folgje.”
Daphne: ,,Mar wa hie ea tocht dat dy twa famkes yn it STD-pakje op de foto no alwèr tegearre harren rûntsjes ride?”

De dames staan op en pakken hun trainingstassen. Annet heeft beloofd om haar zusje nog op te pikken. Dus rijden ze deze keer afzonderlijk terug naar Sint Nicolaasga en Scharsterbrug. Met een lach en een korte groet stappen ze in de auto. Morgen zien ze elkaar immers weer op school en op het ijs van Thialf.

(Foto's: De Zakenman)



Beste lezer van DeSintNykster.nl,

Fijn dat je onze berichten leest! Houd dit unieke nieuwsmedium in de lucht en betaal een jaarlijkse bijdrage als Vriend van DeSintNykster.nl.

Ja, ik word Vriend!