Menu

zoeken

toniel jou my wjullenSINT NYK – Gemeente De Fryske Marren jout alle jierren de Fryske Kultuerpriis oan in persoan of in ynstelling dy 't it ôfrûne jier in wichtige kulturele bydrage levere hat yn de Fryske taal. De Kultuerpriis bestiet út in jildbedrach fan € 750,00 foar de winnende persoan óf organisaasje.

Persoanen, organisaasjes of groepen dy 't har it ôfrûne jier yn De Fryske Marren aktyf ynset hawwe foar de Fryske taal komme yn oanmerking foar dizze priis. Ien persoan moat minimaal ien jier yn gemeente De Fryske Marren wenje en in organisaasje of groep moat minimaal ien jier aktyf wêze binnen de gemeente.

In sjuery kiest út de oanmeldingen ien persoan, organisaasje of groep dy 't nominearre wurdt foar de Kultuerpriis. De prizen en nominaasjes rikt in lid fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders út.

Yn De Fryske Marren wurdt in soad Frysk brûkt, sa 't út sifers bliken docht: 70 oant 80% fan de ynwenners praat Frysk, 80 oant 90% ferstiet it ek. De gemeente wol graach dat dat op syn minst gelyk bliuwt, en leaver noch dat it ferbettert. De Fryske Marren wol dêrom it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Kultuerpriis is dêr in middel ta.

(Foto: Toaniel Sint Nyk/De Zakenman)



Help De Zakenman en DeSintNykster!

Fijn dat je onze berichten op DeSintNykster.nl en in De Zakenman leest! Houd beide unieke nieuwsmedia in de lucht en betaal een jaarlijkse bijdrage als Vriend van DeSintNykster.nl en De Zakenman.

Ja, ik word Vriend!