De rooms-katholieke kerk in Sint Nicolaasga is 's avonds en 's nachts verlicht.FOTO: Alex J. de HaanHome-page: http://www.noordoost.nlE-mail: persbureau@noordoost.nl(c) Persbureau Noordoost/Heerenveentel: 0513-626999 fax: 0513-623253mobiel: 0654-727.557

Nei in jier fan geregeld kontakt mei wenningkorporaasje DynHus, it opstellen fan in restauraasjeplan en de tarieding fan de demontaazje wie it freed 10 july 2026 einliks safier. De wynwizer fan De Boskrâne yn Sint-Nyk is fan it dak helle en sil restaurearre wurde. Stifting Yn Sint Nyk hie lang nei dizze dei útsjoen.

Foarsitter Steven Lageveen en Hedwig Postma hawwe in soad tiid stutsen yn it earste grutte projekt fan de stifting. Postma hold har benammen dwaande mei it rûnmeitsjen fan de finansiering, wylst Lageveen him rjochte op de kommunikaasje en de demontaazje.

,,De wynwizer der samar even ôf tille, wie gjin opsje. Ek dêrfoar moast in folslein plan fan mar leafst trije bledsjes opsteld wurde. Mar dat is it allegear mear as wurdich’’, aldus Lageveen.

Wêr’t de wynwizer yn de takomst in nij plak krijt, bliuwt foarearst noch geheim. Earst wurdt de wynwizer profesjoneel restaurearre.

,,No’t er fan De Boskrâne helle is, moat er earst goed oanpakt wurde. Us is fersekere dat er dêrnei wer in libben lang meikin. Dêrnei kinne wy sjen hoe’t wy de montaazje op in oar plak oanpakke. Wy dogge it stap foar stap’’, seit Lageveen.

Foto's: Yvonne Bijma

260710 SintNyk DeBoskrane windwijzer 1 c YvonneBijma260710 SintNyk DeBoskrane windwijzer 3 c YvonneBijma260710 SintNyk DeBoskrane windwijzer 4 c YvonneBijma

02042952 Vriend Nieuws is niet vanzelfsprekend 1400

Elke vrijdagmiddag het laatste nieuws in de mailbox?

Advertenties

Onze zakelijke vrienden