Toanielselskip Sint Nyk hat sneontejûn 14 febrewaris 2026 de Fryske taal- en kultuerpriis 2025 fan De Fryske Marren ûntfongen. De priis waard útrikt yn Zalencentrum Sint Nyk, fuort nei ôfrin fan de foarstelling Chez Dolly Encore.
De sjuery, besteande út wethâlder Chris van Hes, Meindert Tjerkstra en eardere priiswinner Janneke Warringa, wie unanym yn har oardiel. ,,De feriening kiest konsekwint foar Frysk toaniel en berikt in breed publyk fan jong oant âld. Troch mei-inoar foarstellingen te meitsjen — fan spilers oant dekôrbouwers en frijwilligers — ûntstiet sterke ferbining yn de mienskip’’, sa klonk it yn it sjueryrapport.
It toanielselskip bestiet mear as fyftich jier en hat him yn dy perioade ûntwikkele ta in fêste wearde yn de kulturele tradysje fan Sint Nyk en omkriten, fynt de sjuery. By it jubileum fan fyftich jier waard al dúdlik hoe djip it selskip woartele is yn de mienskip. Fan de earste repetysjes yn doarpssealen oant folsleine produksjes mei eigen dekôr, kostúms en in grut tal frijwilligers: it Frysk stiet dêrby konsekwint sintraal. It selskip bringt sawol klassikers as nije stikken en wurket geregeld mei eigen oersettingen en bewurkingen.

Mei eardere produksjes, lykas Do silst libje!!, oerset troch spiler Roel van Nijen, liet it selskip sjen hoe’t taal, skiednis en mienskipsgefoel inoar fersterkje. De gemeente rikt de Fryske taal- en kultuerpriis út om it brûken fan it Frysk aktyf te stimulearjen en inisjativen te wurdearjen dy’t bydrage oan kulturele sichtberens.
Resinsje yn De Zakenman
De foarstelling Chez Dolly Encore krige ek omtinken yn doarpskrante De Zakenman fan sneon 14 febrewaris 2026. Klaske Portena skriuwt dat it stik balansearret tusken humor en earnst. It publyk laket om de skerpe dialogen, mar wurdt tagelyk konfrontearre mei tema’s as identiteit, ôfhinklikens en de spanning tusken homoseksualiteit en leauwe. Neffens har leit de krêft yn de personaazjes, dy’t mei oertsjûging delset wurde. Benammen de ûntwikkeling fan Ronny en de sintrale rol fan Dolly bliuwe hingjen.
- De resinsje fan Klaske Portena is yn syn gehiel te lêzen yn De Zakenman
Foto: Byldbrêge/Menno Dijkstra



