Learlingen fan basisskoallen yn Sint Nyk, Langwar en Ouwsterhaule hawwe woansdei harren memmetaal yn de praktyk oefene. Dat barde yn Sint Nyk tidens Taaldoarp Frysk, in projekt dêr't bern yn echte situaasjes Fryske petearen fiere by lokale winkels en bedriuwen.
,,Watfoar fleis wolst op de barbecue?" by Tres Vers, ,,Watfoar blommen fynst moai?" by Wind Bloemen en ,,Hoe faak giest nei de kapper?" by KapArt. Mei soksoarte fragen giene de learlingen op paad troch it doarp. Ek by Jumbo Jan Altenburg en Drogisterij en Parfumerie De Magneet moasten se yn it Frysk koarte petearen fiere.
Yn lytse groepkes besochten de bern de ferskate bedriuwen. Dêrby waarden se begelaat troch pabû-studinten fan NHL Stenden, dy’t tagelyk observearren hoe’t de learlingen it Frysk yn de praktyk brûkten.
Oan it Taaldoarp dienen learlingen mei fan IKC It Klimmerblêd út Sint Nyk, It Trijegeaster Honk út Ouwsterhaule en De Swannestee út Langwar. Ek learlingen fan Bloei út Terherne wiene fan de partij.
It projekt lit bern ûnderfine dat it Frysk mear is as in fak op skoalle. Troch de taal te brûken yn winkels en oare deistige situaasjes krije se mear fertrouwen yn it praten fan it Frysk.
Taaldoarp Frysk is in inisjatyf fan de Afûk en NHL Stenden en wurdt yn De Fryske Marren organisearre yn gearwurking mei de gemeente. It is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030, dat it gebrûk fan it Frysk yn it ûnderwiis en de mienskip stimulearje wol.
Foto: Taaldoarp Frysk


