“Hokker rondes binne der?” en “Hokker fragen wurde der steld?” Dy fragen klonken tiisdeitejûn 19 maaie 2026 geregeldwei yn it Zalencentrum Sint Nyk, dêr’t “De Fryske Kroechkwis” holden waard. Rûn acht oere kamen de dielnimmers de seal yn, sochten in plakje en foarmen teams foar in jûn fol Fryske fragen, humor en gesellichheid.
De kwismasters lieten efkes op harren wachtsje, mar Laurens Schaap en Hidde Hilverda makken al gau de sfear kompleet. Beide hiene in prachtige Fryske kreaasje oan, hielendal passend by de jûn. Nei it wolkom koe de kwis úteinsette.
Der wiene acht rondes mei elk acht fragen. De ûnderwerpen rûnen útinoar fan sport, taal en muzyk oant skiednis, faria en natoer. Ek de skiednis fan Sint Nyk kaam oan bod. Hilarysk wie dat it wurd “hokker” hieltyd weromkaam oan it begjin fan in soad fragen. Sa waard bygelyks frege: ,,Hokker letters komme offisjeel net foar yn it Fryske alfabet?”
Team ,,By inoar socht soadsje” waard de dúdlike winner fan de jûn. Mei mar twaëntweintich flaters naam it team de Fryske prizen mei nei hûs.
Sandra Steneker, Jeanette Zijlstra en Rein Hoekstra fersoargen dizze jûn tee en kofje en letter op ’e jûn in hapke en drankje. It neipetear fûn plak oan ’e bar, sa’t dat yn de mienskip faker bart. Dêr waarden ek fuortendaliks wer plannen makke foar ûnder mear in folgjende Kroechkwis en de Bloeiwike.
Foto: Bloeiwike Sint Nyk


