Yn it ramt fan de Bloeiwike Sint Nyk wurdt op tongersdei 21 maaie 2026 in keukentafelworkshop “Skriuwe” organisearre troch de Afûk. De workshop wurdt jûn troch Antsje de Jong.
De kursus is bedoeld foar elkenien dy't skriuwt foar doarpspublyk, lykas foar in doarpskrante of feriening. De fokus leit op it skriuwen fan artikels en oare non-fiksje teksten, mei benammen omtinken foar de sjoernalistike kant fan it skriuwen. De workshop wurdt folslein yn it Frysk fersoarge.
Belangstellenden wurde frege har foarôf op te jaan, omdat der beheind plak beskikber is.
De workshop wurdt hâlden oan de Sietze Hepkemalaan 1-0001 yn Sint Nyk.
Foto: Noordoost.nl


