De rooms-katholieke kerk in Sint Nicolaasga is 's avonds en 's nachts verlicht.FOTO: Alex J. de HaanHome-page: http://www.noordoost.nlE-mail: persbureau@noordoost.nl(c) Persbureau Noordoost/Heerenveentel: 0513-626999 fax: 0513-623253mobiel: 0654-727.557

Yn it ramt fan de Bloeiwike Sint Nyk organisearret YoYental fan Yenny Miedema op moandei 18 maaie 2026 de aktiviteit ‘It tsjuster temjitte’. Dielnimmers geane yn it tsjuster de natoer yn om bewust te belibjen wat ûnwisse of nije situaasjes mei liif en holle dogge.

By de tocht steane hearren, sjen, priuwen en fielen sintraal. Kjeld en wetter kinne dêrby ûnderdiel wêze. De organisaasje freget dielnimmers om goed nei te tinken oft se de útdaging oandoare.

Minsken mei hertproblemen of froulju dy’t swanger binne, wurdt ôfret om mei te dwaan. Dielnimmers moatte sûnder muoite fiif kilometer rinne kinne. Meidwaan kin fan achttjin jier ôf. Jongeren ûnder dy leeftiid meie allinnich ûnder begelieding fan in folwoeksene meidwaan.

De organisaasje advisearret om in rêchsek, swimklean, in handoek, klean dy’t smoarch wurde meie en waarm wetter yn in thermosflask mei te nimmen.

  • Moandei 18 maaie 2026, 21.30 oere
  • Fertrekpunt: Lourdesgrot by de katolike tsjerke, Kerkstraat 14 yn Sint Nyk
  • Oanmelde of fragen stelle kin fia 

Foto: Noordoost.nl

02042952 Vriend Nieuws is niet vanzelfsprekend 1400

Elke vrijdagmiddag het laatste nieuws in de mailbox?

Advertenties

Onze zakelijke vrienden