De rooms-katholieke kerk in Sint Nicolaasga is 's avonds en 's nachts verlicht.FOTO: Alex J. de HaanHome-page: http://www.noordoost.nlE-mail: persbureau@noordoost.nl(c) Persbureau Noordoost/Heerenveentel: 0513-626999 fax: 0513-623253mobiel: 0654-727.557

In goed folle seal hat sneon 7 febrewaris 2026 genoaten fan de jierlikse toanielfoarstelling fan toanielferiening De Doarpsrounte Langwar. Yn de moai oanklaaide sporthal ’t Tsjillan yn Langwar krigen de spilers mei de klucht ‘Kluchten en Kueren!’ de lakers maklik op ’e hân.

De Doarpsrounte sette it kwakkeljende kueroard Fontina oertsjûgjend del. It publyk koe laitsje om it besykjen fan eigners Tina en Fons om harren bedriuw te rêden, wylst de iene nei de oare komplikaasje foarby kaam: in prinsesse dy’t ynkognito opdûkt, in grut personielstekoart en sabotaazje troch in mysterieuze ynfiltrant. In stroomûnderbrekking smiet ekstra oalje op it fjoer en soarge foar panyk ûnder de gasten én foar in rige grollen en grappen dêr’t de seal sichtber fan geniete.

‘Kluchten en Kueren!’ is skreaun troch de Belgyske toanielskriuwer Pol Anrys en yn it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra. Mei flugge kearings, misferstannen en oerdreaune situaasjes hold De Doarpsrounte Langwar it tempo heech en bleau it publyk fan begjin oant ein mei yn de gaos.

De tarieding hie dit jier in bysûnder ferrin. Troch de swiere sniefal yn de earste wike fan jannewaris 2026 rûnen de repetysjes fertraging op. Yn de wiken dêrnei is ekstra repetearre om de foarstelling neffens planning trochgean te litten.

Foto's: De Doarpsrounte Langwar

250207 Langweer toneel 2

In bloederige scène yn in fierder bliere foarstelling.250207 Langweer toneel 3

De toanielploech fan Langwar sette in goeie foarstelling op de planken.250207 Langweer toneel groep

It logo dat Langwar fan toanielklup De Bargebeck út Wyckel liene koe.250207 Langweer toneel logo

 

02042952 Vriend Nieuws is niet vanzelfsprekend 1400

Elke vrijdagmiddag het laatste nieuws in de mailbox?

Advertenties

Onze zakelijke vrienden