De aktiviteitenferiening Freonen fan Tsjerkgaast docht in berop op elkenien mei ynformaasje oer de ferdwûne Twastriid-beker. Nei de winst fan Frits de Jong en Cor-Wisse Tijm by de wedstriid tidens it doarpsfeest fan 2024 is de trofee net weromfûn op syn fêste plak yn doarpshûs It Spantsje.
Wa’t de Twastriid trije kear wint, mei de beker meinimme nei hûs – mar sa fier is it (noch) net, skriuwt de freoneferiening. Der wurdt fermoede dat de beker ‘út entûsjasme’ meinommen is, mar noch net werombrocht. Tips binne tige wolkom, ek anonym, en der leit in beleanning klear foar wa’t him werombringt.
De feriening hopet dat, lykas by de mysterieuze ferdwining fan in fotolist ferline jier, de beker mei help fan it doarp wer boppe wetter komt.
Illustraasje: Freonen fan Tsjerkgaast