Menu

zoeken

13022016toniel2SINT NYK - Elts jier set de gemeente wer in Frysktalich kulturiel inisjatyf yn ús gemeente yn it sintsje, mei de Fryske Kultuerpriis. De priis bestiet út in bedrach fan 750 euro.

Ek foar 2020 wol gemeente De Fryske Marren de priis útrikke, ek al is der dit jier in protte net trochgien troch de korona. De sjuery ropt derom ynwenners en pleatslike belangen op om foardrachten foar de priis te dwaan. Dat kin fansels ek in online ynisjatyf wêze, muzyk of in moai boek.

Ynwenners kinne it inisjatyf dat foar de priis yn oanmerking komme kin, oanmelde troch foar 18 desimber in mail te stjoeren nei: mei de namme fan de kandidaat, telefoannûmer en emailadres fan de kontaktpersoan. Graach maile t.a.f. Yde Wierda.

Jou by de foardracht wol yn it koart oan wêrom at jim fine dat dit inisjatyf yn oanmerking komt foar de priis. Graach as foardrager ek jo eigen namme, emailadres en telefoannûmer yn de mail sette.

(Foto: archief De Zakenman)



Help De Zakenman en DeSintNykster!

Fijn dat je onze berichten op DeSintNykster.nl en in De Zakenman leest! Houd beide unieke nieuwsmedia in de lucht en betaal een jaarlijkse bijdrage als Vriend van DeSintNykster.nl en De Zakenman.

Ja, ik word Vriend!