Menu

zoeken

toniel ouwsterhaule 2SINT NYK – De karkommisje fan de Kultuerpriis De Fryske Marren ropt ynwenners en pleatslike belangen op om foardrachten foar de priis te dwaan. Yn de mienskip binne ek dit jier wer in protte produksjes west dy ’t it fertsjinje yn it sintsje set te wurden, is de kommisje fan miening.

De priis bestiet út in bedrach fan 750 euro en is ta it stimulearjen fan it Frysk. De priis wurdt elk jier útrikt. De sjuery bestiet út Anne Herrema, Baukje Meetsma en Hendrik Boonstra. Ferline jier wûn dichter en skriuwer Eppie Dam út Sleat de priis foar syn dichtbondel Ienkennich lânskip.

Eltsenien kin de feriening, groep of persoan oanmelde troch uterlik 6 desimber in mail te stjoeren nei Yde Wierda op , mei de namme fan de nominearde en it telefoannûmer en emailadres fan de kontaktpersoan. Jou by de foardracht yn it koart oan wêrom at dat de feriening of de doarpsgenoat yn oanmerking komt foar de priis. Vermeldt dêrby as foardrager jo eigennamme, emailadres en telefoannûmer yn de mail.

(Toneelvereniging De lytse Mienskip uit Ouwsterhaule speelde in februari van dit jaar De efenis fan Muoike Bella. Foto: De Zakenman)



Help De Zakenman en DeSintNykster!

Fijn dat je onze berichten op DeSintNykster.nl en in De Zakenman leest! Houd beide unieke nieuwsmedia in de lucht en betaal een jaarlijkse bijdrage als Vriend van DeSintNykster.nl en De Zakenman.

Ja, ik word Vriend!