Menu

190702 Siebren Reijenga Ylona Veenje BoerewilleSINT NICOLAASGA – Siebren Reijenga (28) en Ylona Veenje (26) maakten met Boerewille in Sint Nicolaasga in 2016 een sprong in het diepe. Met de zorgboerderij, bed&breakfast en camping houdt het jonge stel meerdere ballen in de lucht. ,,We ha faaks it gefoel dat we op fakânsje binne op eigen pleats, ek al ha we it somtiden smoardrok.”

,,Se sjogge dit echt as harren wurk, net as in deibesteging”, vertelt Siebren Reijenga, terwijl hij door de kantine van de zorgboerderij loopt. Negen cliënten uit de omgeving verrichten bij Boerewille werkzaamheden binnen hun eigen specialiteit. De een werkt het liefst met hout, de ander kookt graag, allemaal komen ze met plezier naar de zorgboerderij. ,,It is eins in famylje ûnderling. Troch it lytsskalige karaker hâlde jo de groep byinoar en soargje jo foar bining.” Ylona Veenje: ,,Dit binne minsken dy’t de stap nei de gewoane arbeidsmerke net meitsje. Hjir kinne se wurk dwaan wat wol goed giet. Se fiele harren wichtich en dêr dogge we it foar.”

190702 Siebren Reijenga Ylona Veenje Boerewille kipPer toeval kwam de uitdaging op het pad van Reijenga en Veenje. Ze namen het stokje over van Meindert en Gea Leenstra. ,,Myn âlders ha in buorkery yn Jiskenhúzen en kochten altiten de earste snee gêrs fan Leenstra. Yn 2015 joech hy oan dat myn heit alles wol keapje mocht, want hy wie fan doel om te stopjen. Mei dit ferhaal kaam heit thús.” Interesse voor het land was er volgens Siebren Reijenga wel, maar wat moest de melkveehouderij met de gebouwen? ,,Ik studearde doe noch. Foar myn oannimmersdiploma moast ik in ûndernimmersplan skriuwe. Om’t Ylona ferpleegster wie, hiene we der wol aardichheid yn om te sjen of wy de soarchbuorkery en de rest fan it bedriuw fan Meindert op ús wize rûn krije koene.” Het stel kreeg inzicht in de boekhouding en gingen rekenen.

,,We binne in jier oan it skriuwen west. Yn 2016 binne we hjir kaam te wenjen”, blikt Ylona Veenje terug. De verschillende takken bleven behouden om zo ook stabiliteit in het inkomen te krijgen. ,,Ik soe trije dagen yn ‘e wike oan de slach bliuwe as zzp’er yn ‘e bou en Ylona bleau by Revalidatie Friesland yn Beetstersweach. De kliïnten fan de soarchbuorkery komme trije dagen yn ‘e wike. Ik soe de moandeis en tiisdei der wêze en Ylona op tongersdei.” Reijenga werkt nog steeds bij Aannemingsbedrijf Bangma in Sint Nicolaasga. Eerst als timmerman, nu als calculator. ,,It is gouden dat ik dêr de romte krij om myn eigen wurktiden en –dagen yn te fullen.” Met de komst van dochter Lieke in februari 2018 groeide het besef dat een stabiele thuisfactor van belang is. ,,Ik wie mei sân saken dwaande, wylst ik fan de achtste ek graach genietsje woe. Jo begjinne in eigen bedriuw en dan is it nedich om in stapke hurder te rinnen. Dochs rinne jo je sels foarby. Ek omdat Ylona troch it ûnregelmatige fan de soarch faaks net thús is as it wurk hjir oan ‘e kant is.”

190702 Siebren Reijenga Ylona Veenje Boerewille kasVeenje stopte met haar baan als verpleegkundige. ,,Dat wie in goed beslút”, blikt ze terug, ,,Der is no altiten in stabiele faktor thús. Net allinnich foar Lieke. Der wiene ek tiden dat de kamping hielendal fol stie, mar dat wy op dat stuit beiden oan it wurk wiene.” Terwijl haar hart bij de zorg en de zorgboerderij ligt, is ze ook het werken met de gasten op de camping en de b&b enorm gaan waarderen. ,,It docht bliken dat ik dat hiel leuk fyn”, lacht ze, ,,De minsken ha ek in soad belangstelling foar wat wy hjir dogge.” Reijenga: ,,Wy tochten altiten dat dit plak fanwege de rêst en it wiidske meinammen âlderen oansprekke soene, mar der komme hieltiten mear gesinnen en gasten fan ús leeftiid dy’t net mear nedich ha dan de needsaaklike foarsjennings om de moaiste fakansje yn tiden te fieren. En dat wylst ús kninen en kei hjir it animatieteam foarmje.”

Ook nu staan de twee velden vol en de drie ‘bed en brochje’-kamers zijn het hele jaar door redelijk goed bezet. ,,Meinammen trochdat we no ek op bookingsites steane”, legt Veenje uit. De zorgboerderij is en blijft in ieder geval de hoofdtak. ,,It wie fansels wol in gok. Wy namen de kliïnten oer fan de foarige eigenaren. Dat stie ek yn ús businessplan, mar it dochs de fraach of de klik der is en de minsken bliuwe.” Na een ‘meeloopperiode’ in de bouwvak bleek de klik er te zijn. De mensen komen iedere keer met veel plezier naar Boerewille. ,,No kinne wy ek neitinke oer ferbetterings. We binne dwaande mei sertifisearing. Ek tinke we nei oer in teetún, wêr de kliïnten fan de soarchbuorkery de minsken fan búten betsjinje. Dizze wikselwurking is foar minsken mei in beheining wichtich. Boppedat ferlytset it ek de drompel foar oaren, dy’t hjir miskien yn de takomst ek wol in deibesteging ha wolle”, vertelt Siebren Reijenga. ,,Wol bliuwe we lytsskalich en wurkje mei frijwilligers. We wolle gjin managers wurde, mar ek sels de minsken begeliedzje.”

190702 Siebren Reijenga Ylona Veenje Boerewille campingYlona Veenje is blij met de huidige vorm en realiseert zich dat door toevalligheden het leven van het jonge stel een verrassende wending heeft gekregen. ,,Wa hie fjouwer jier lyn tocht dat wy no sa’n moai bedriuw ha? Doe wie Siebren noch drok mei de stúdzje en ik wurke as wykferpleechkundige. En sjoch ús no”, zegt ze, terwijl naar het open landschap rondom de boerderij wijst. ,,Wêr fine jo no sa’n moai plakje?”.

De kantine van zorgboerderij Boerewille wordt door Siebren Reijenga en Ylona Veenje ook verhuurt aan groepen. De ruimte is geschikt voor familiedagen of verjaardagen. Recentelijk gebruikten de leden van de North Side Custom Club Friesland, liefhebbers van oude Amerikaanse auto’s, de plek aan de Noed als rustplek. Kijk voor meer informatie op www.boerewille.nl

(Foto's: De Zakenman)

190702 Siebren Reijenga Ylona Veenje Boerewille luchtfoto



Help De Zakenman en DeSintNykster!

Fijn dat je onze berichten op DeSintNykster.nl en in De Zakenman leest! Houd beide unieke nieuwsmedia in de lucht en betaal een jaarlijkse bijdrage als Vriend van DeSintNykster.nl en De Zakenman.

Ja, ik word Vriend!