Menu

zoeken

180111 Rudi Postma en Johan Galama barSINT NICOLAASGA – Een frisse wind waait straks door café Het Wapen van Friesland in Sint Nicolaasga. Johan Galama (37) en Rudi Postma (28) nemen het stokje over van Martin en Agatha Absen. De jonge Sint Nyksters hebben elkaar in een horeca-ambitie gevonden en zitten vol ideeën over de toekomst. ,,We geane in saaklik houlik temjitte.”

Galama en Postma gaan vanaf 18 januari aan de slag. De maanden daarna willen ze gebruiken om een eigen stempel op het etablissement te drukken. ,,Goeie dingen moatte jo nea oan ‘e kant skowe. Martin en Agatha ha fan Het Wapen in súkses makke. In brún kafee wer’t in soad minsken mei in soad wille komme. Wy wolle it wol wat eigentiidser meitsje, mar mei romte foar de fertroude saken lykas it biljerten. De minsken hoege harren dus gjin soargen te meitsjen, we gean op deselfde wize as Martin en Agatha troch. It wurdt poarfast gjin diskotheek. We hoopje dat de minsken op fertroude wize kommen bliuwe.” Johan Galama vertelt dat ook het gebruik van munten als betaalmiddel in ere blijft. De oude ‘rode’ Wapen van Friesland-munten kunnen in 2018 nog gewoon in het café worden gebruikt. Tot 31 december kunnen ze worden ingeleverd. De kans is volgens het duo wel groot dat er vanaf de aankomende Sint Nykster Merke een nieuwe munt komt. ,,Jo moatte eat wat goed wurket net samar fuort dwaan.” Zijn nieuwe compagnon vult hem aan. ,,Ek wolle we yn de takomst wat mear mei de keuken dwaan. Yn ‘e kroech komme dêrneist steantafels, in donker systeemplafond, de toiletten wurde opknapt, dat soarte fan dingen. Der giet absoluut gjin sloopkûgel troch hinne, it is in opfrisbeurt. Sa kinne we der ús eigen draai oan jaan.”

Rudi Postma heeft geen horeca-ervaring. De laatste jaren was hij met name in de bouw actief als tegelzetter en abseiler. Ondanks dat hij niet een bekend gezicht achter de tap is, trekt het horeca-leven hem. ,,Mei myn heit ha ik it dêr faak oer. As ik yn in restaurant sit, hâld ik altiten de betsjinning en de útstrieling yn ‘e gaten. Ik ha wol myn ydeeën oer it runnen fan in kafee.” Johan Galama heeft al zo’n tien jaar ervaring in de horeca. Zo’n drie jaar of, zoals Sint Nyksters tellen, twee ‘Merkes’ werkt hij bij Het Wapen van Friesland. Daarvoor bij Café De Hoeke. ,,Myn winsk is altiten west om eigner fan in saak te wurden. Dy mooglikheid ha Martin en Agatha mei jûn. As ik sân libbens hie, dan koe dat miskien yn myn ientsje, mar der is mear as wurkjen allinnich.”

180111 Rudi Postma en Johan Galama

,,Rudi en ik kinne inoar fan ‘e kroech. We tinke it selfde oer hoe wy de takomst fan Het Wapen foar ús sjogge. Unbewust is it sa rûn”, blikt Galama terug. De afgelopen maanden heeft het duo organisatorisch gezien veel werk verzet. ,,Allegear wurk efter de skermen wêr’t gewoan in soad tiid yn sitten giet”, vertelt Postma. Galama knikt. ,,Dat is foar my fansels wol nij. Ik bin ek noch net earder in saak begûn. Ofspraken mei de gemeente, ynkeap. It binne de saken dy’t de minsken net sjogge as se yn ‘e kroech sitte, mar it is wol wichtich dat der aanst gewoan Amstel út ‘e tap komt.”

Veel steun kregen de jonge ondernemers van onder andere Bouwhuis Horeca & Grootverbruik uit Sint Nicolaasga. ,,Tige bliid binne we mei dizze gearwurking. Yn ‘t foarste plak omdat we it wurk yn ‘t doarp hâlde, mar der moat wol fertsjinne wurde. De service van Bouwhuis is ûnbetelber. As de kola om twa oere op is, soargje sy derfoar dat ik it in kertier letter wer ynskinke kin. Foar ús binne in soad saken noch in griis gebied. Frank Bouwhuis en Johan Potma van Bouwhuis nimme ús by de hân en wise ús it júste paad.” Uiteindelijk is die begeleiding ook belangrijk om in te spelen op de trends in de horeca. ,,We wolle wat mear mei spesjaalbieren wurkjen gean. It arbeidersbierke krijt it hieltiten dreger. Lykas dat de fraach nei sûkerfrije frisdrank hieltiten grutter wurdt. Dy trends wolle we aanst yn de saak ek in plak jaan en sjen litte”, vertelt Postma, ,,Boppedat wolle we wat mear yn de takomst mei fingerfood wurkjen gean. Hapkes, tapas, bittterbaltsjes, brea mei smarsels. Alles krekt wat ekslusiver, sadat de minsken ek foar de lunsch of boarreltiid hjir komme.”

De twee staan te popelen om te beginnen. Galama weet uit ervaring dat de horeca ook zijn ups en downs kent. Volgens hem is ,,der neat sa ûnfoarspelber as de horeka”, doelend op veranderende regelgeving als bijvoorbeeld het rookverbod en de drankleeftijd. ,,Mar Sint Nyk is wol echt in útsûndering neffens de rêst fan Nederlân. Dêrom woe ik dizze útdaging ek allinnich mar yn dit doarp oan gean. It moat jo gund wurde. Ik ha der fertouwen yn dat de minsken út Sint Nyk aanst ek graach nei Het Wapen komme. Wy binne hjir yn ‘t doarp fansels beide ek bekende gesichten.” Het duo gaat zonder twijfel de uitdaging aan. Galama: ,,We gean no eins in saaklik houlik temjitte. As jo it nea besykje, dan krije jo ek gjin bern. Us krêft moat wurde dat wy elkoar oanfulle.” Ook Rudi Postma is er klaar voor. ,,Ik ha de lêste Merke meidraaid en dat smakket nei mear.”

(Foto's: De Zakenman)



Help De Zakenman en DeSintNykster!

Fijn dat je onze berichten op DeSintNykster.nl en in De Zakenman leest! Houd beide unieke nieuwsmedia in de lucht en betaal een jaarlijkse bijdrage als Vriend van DeSintNykster.nl en De Zakenman.

Ja, ik word Vriend!