Menu

zoeken

DSN Wigle 4Wigle Jelsma út Sint Nyk 64 jier. Hat 38 jier by Kramer wurke as 'driver Wigle'. Hy wie de sjauffeur fan it boubedriuw en brocht al it grutte spul en ark op de bouplakken. Mei it opsetten fan húzen ûnmisber mei de kraan om de underdelen fan daken of dakkapellen omheech te bringen. 

Neist syn wurk by Kramer wie heit mei de griene frachtwein ek faak yn en om it doarp op paad foar 'putsjes'. Fan de krystbeam op it plein oant de optochtweinen yn septimber. Eltsenien út Sint Nyk kaam heit mei de frachtwein wolris tsjin. Selfs Sinterklaas hat in oantal kear heit ynskakele om op tiid yn Sint Nyk te kommen. 
 
Nei al dy jierren wie it ôfrûne wike de letste kear. Hy hat mei fersierde truck noch wat lytste ritsjes dien en de de dei is ôfslútten mei noch ien letste rûntsje troch it doarp mei syn fjouwer lytsbern. Dy sille de frachtwein fan pake wol misse! 'No kinne we nea wer mei pake mei!'

Nije wike wurdt der by Kramer noch feestelik stil stien by Wigle syn pesjoen mei in reseptie mei alle kollega's. Dernei is it dan echt klear, gjin 'driver Wigle' mear!
 
Jeltsje Jelsma
 
DSN Wigle 4
DSN Wigle 3
DSN Wigle 1
DSN Wigle 2


Help De Zakenman en DeSintNykster!

Fijn dat je onze berichten op DeSintNykster.nl en in De Zakenman leest! Houd beide unieke nieuwsmedia in de lucht en betaal een jaarlijkse bijdrage als Vriend van DeSintNykster.nl en De Zakenman.

Ja, ik word Vriend!