Menu

zoeken

231223 Krystbeam ferhaal AnneSieperda 2Se stie wer ûnder, ús moaie keunskrystbeam. Se wie de hiele simmer op de hea-solder útfanhûs west yn in grutte doaze, mar no mocht se wer sa’n fjouwer wike pronkje yn de keamer. It wie wer in hiele sikerij om de júste takken by de goeie hichte te finen, dus eltse kear fan in ôfstân de boel beloere, glure en ture om te sjen of de takken wol yn lykwicht hongen. Och, wat ek in gedonder, je soene mar in echte krystbeam keapje. Mar dan hawwe je wer nuddels dy’t loslitte en allegear lytse bistkes, dy’t mei de beam en sûnder ferbliuwsfergunning dyn kryst-skjinne hûs yn wâdzje.

It slimste moast noch komme: it fersieren. In minske fersiere is leuker, in beam soms wat minder. Ik wie tiiden dwaande om de yn de knoop rekke ljochtsjes útelkoar te plúzjen. Der sieten wol fiifhûndert strieljende waarme ljochtpuntsjes yn it fertize snoer as ik de tekst op it doaske leauwe moast.

Undertusken hearde ik it stimke fan binnen dat rôp: “werom hast no foarich jier de boel net keurich oprolle en netsjes yn it doaske dien? Dan soe it in jier makkelijk wêze.” Ik woe dat akelig, altyd gelykhebbende, ynerlike stimke de mûle snoere, mar nee, it bleauw mar trochsangerjen. Nei in protte suchten, frustraasje en binnenmûls gemompel hie ik de brot einliks út de tiizen.

As de ljochtsjes brâne, kinst krekt sjen hoe’t se der yn slingere binne. Dêrom die ik se sa presys en netsjes mooglik yn ‘e beam. Dus op de goeie ôfstân fan elkoar en dan ek noch wat mear nei binnen foar in moai mearke-eftich effekt. It wie in heidens karwei. Mar dan hawwe je ek wat.

Om it hielendal ôf te meitsjen en te sjen hoe’t it effekt wie ek noch wat moaie gouden krystballen der yn. Wat soe dat moai lykje as de ljochtsjes harren wjerskyn hienen yn it goud fan de ballen. Mei in protte gesteun en rikkend nei de boppeste tûke ek noch in gouden pyk deryn. It moment suprême wie oanbrutsen, ik die de stekker fan it ljochtspektakel yn it stopkontakt. Mar it bleauw tsjuster.

De stekker hastich derút en deryn. Wer opnij besykje om de boel oan de praat te krijen. Gjin libben deryn te krijen. It bleauw sa as it wie. It snoer mei ljochtsjes wie ferstoarn. It inerlike stimke skreauwde dit kear: “hie dochs earst de stekker deryn dien foardatst de boel út raffelje moast en yn de beam knopest, want: vertrouwen is goed, controleren is beter.”

Wer hie ik dat earder heard? It inerlike stimke barstte nei bûten en mei in protte kabaal fûnen frustraasjes in útwei, sa slim dat myn oare helte, dy’t gesellich in bakje helje soe, fluch wer makke dat er fuortkaam foardat... Earme jonge. De freselike wurden dûkelen nei bûten mei it ferwinskjen fan de hiele kryst, de stress, it krystdiner, it fersieren fan it hûs, de krystboadskippen mei as toppunt: it ferstjoeren fan in hiele protte krystkaarten. It wie allegear lûd en dúdlik te fernimmen foar elk dy’t it mar hearre woe.

Hielendal frustrearre lûkte ik mei myn lilke kop mei rûge bewegings de tsjustere ljochtsjes út de beam. It siet my no tsjin dat ik it snoer der sa presys yn prutst en soarchfuldich fêstmakke hie. It snoer wurke net mei, de beam stie te skodzjen ûnder myn rûge bewegings en twa gouden ballen rûgelen oer de flier en wiene kapot. Earme ballen. Dêr stie de beam, ûntdien fan de ballen, de ljochtsjes en sels de pyk bongelde bryk oan de boppeste takke. Wat hie die beam wat oanhearre moatten dit jier en ek noch mishandele. Earme beam.

It wie my sa oer. Skjin myn nocht hie ik fan alles wat mei krysttiid te meitsjen hie, teminsten de kryst fan hjoed de dei. It moat moai en sfeerfol yn ‘e hûs wêze. We moatte in hiel diner yn elkoar draaie. It moat gesellich wêze. We moatte sels ek noch yn de pronk. Je moatte goeie gesprekken hawwe en dan moat de krystbeam ek noch pronkje en skitterje. Ach hâld dochs op. Wêr giet it eins om?
Ik moat tinke oan ús mem, oan hoe’t wy froeger thús de krystdagen belibben. We hienen net iens in krystbeam, allinnich mar in stâl mei byldsjes, dy’t de berte fan Kristus útbylde, mei lytse brânende kearskes der foar. We giene nei de nachtmisse en as dan it prachtige liet Stille nacht, heilige nacht klonk, mei ynmoed songen troch al dy minsken dy’t ôfkamen op dat spesiale oere yn ‘e tsjerke, dan krige ik in brok yn myn kiel en myn mem hie dan de triennen yn de eagen. As we dan thúskamen, wie der sukelademolke en krystbôle. We songen krystferskes foar it kribke. En as we de kearskes útblaast hienen, dan rûkte it sa lekker. Wat yntinsk haw ik dy dagen belibbe. 

Sparre-kegels siere dit jier ús beam, eins wol sa moai, it natuurlijke bloeisel fan de beam dat de natoer ús jûn hat. Sparre-keutels, sizze us bern altyd. We dogge lekkere, waarme, makkelik sittende klean oan mei de krystdagen. Gjin hege hakjes  en modieuze krystoutfitten. We genietsje fan it byelkoar wêzen en ite lekker gewoan. We stekke de kearskes oan en we sjonge. En de nije ljochtsjes skitterje yn de beam, mei deryn gjin ballen, mar keutels.

Tekst: Anneke Sieperda



Help De Zakenman en DeSintNykster!

Fijn dat je onze berichten op DeSintNykster.nl en in De Zakenman leest! Houd beide unieke nieuwsmedia in de lucht en betaal een jaarlijkse bijdrage als Vriend van DeSintNykster.nl en De Zakenman.

Ja, ik word Vriend!