Logo

190111 trijn v d meulen Maeykehiem 1SINT NICOLAASGA – Stichting Maeykehiem bestaat vijftig jaar. Na een onrustige tijd met financiële ingrepen en veel bestuurlijke wisselingen is de blik weer op de toekomst gericht. Kersverse bestuurder Trijn van der Meulen voelt en merkt dat het vertrouwen in de jarige stichting groeit. ,,No sjen litte hoe bysûnder Maeykehiem as lytse organisaasje is.”

Verspreid over de gebouwen van Maeykehiem in Sint Nicolaasga, Langweer, Sneek en Balk staan gouden bakjes. Suggesties voor activiteiten in de speciale jubileumweek van 18 tot en met 22 september 2019 kunnen daarin worden gedeponeerd. Van der Meulen is nog maar drie maanden bestuurder van Maeykehiem en laat de uitwerking over aan een commissie, waarvoor ook nog mensen uit het dorp worden gezocht. Toch heeft ze zelf ook al wat ideetjes.

Van der Meulen voelt zich op haar plek bij Maeykehiem. Na jaren buiten de provincie te hebben gewerkt, is het voor de inwoonster van Beetsterzwaag een terugkeer in Friesland. ,,Ik bin as ferpleegster begûn, mar kom út in echte ûndernimmersfamily. Wat der binnen de organisaasje bart, begjint yn myn eagen op de wurkflier en dus by de kliint. Net efter it bureau. De soarch fan tsjinwurdich is yn in soad gefallen te yngewikkeld makke. Dat komt diels troch wetjouwing, diels troch de organisaasjes sels. Maeykehiem is relatyf lyts, wêrtroch we hiel rap de ferbining lizze kinne tusken persoaniel, kliinten en ferwanten.”

190111 trijn v d meulen Maeykehiem 4Jan Hakbijl en Henk Laros hebben jaren bij Maeykehiem aan het roer gestaan. Sinds het afscheid van Laros hebben er in het management verschillende bestuurlijke wisselingen plaatsgevonden. Interim-bestuurders moesten fors ingrijpen omdat het door wisselingen en veranderingen in de zorg financieel niet goed ging. ,,Dat yngripen wie nedich om bliuwende skea te foarkommen en foar de kontinuïteit fan de organisaasje. Hiel yngewikkeld en boppedat hat it in grutte ympact.”

,,Der binne minsken fuortgean en noch altiten merke jo de pine en de soargen by meiwurkers en ferwanten. ‘It giet wol om ús Maeykehiem’. Lokkich binne der wer nije entûsjaste kollega’s by kaam. In goed finansjeel plan liket der foar te soargjen dat we 2018 droech oerkomme. We ha in grutte slach makke. It ferbetterplan sil de kommende jierren oandacht freegje, mar it is in ferromming dat Maeykehiem har wer op oare saken rjochtsje kin. Jo merke en fiele fertrouwen groeien en sjogge dat de minsken wer foarsichtich posityf binne.”

Met Trijn van der Meulen hoopt Maeykehiem een leidinggevende te hebben gevonden, die voorlopig blijft zitten en gaat werken aan het versterken van de organisatie. De ‘eigenzinnige organisatie’ heeft gekozen voor een bestuurder, die zelden achter haar bureau te vinden is. ,,It bart by minsken”, vindt ze.

Van der Meulen merkt dat er juist bij de mensen die Maeykehiem sterk maken veel zorgen zijn geweest. ,,Kin Maeykehiem noch wol selsstannich troch? Der binne ek no bêst noch wol wat fragen. Hoe komt it bygelyks mei de húsfesting? Foldocht dat noch wol oan de easken fan dizze tiid? Ik ha yn it koarte skoft dat ik hjir wurkje sjoen dat Maeykehiem in soad jonge meiwurkers hat en dat der safolle entûsjasme en kreativiteit is. Dat moatte we útbouwe. En dy selsstannigens? Doel is om dy te behâlden. Lytse organisaasjes wurde wardearre en ha in wichtige funksje yn ‘e omjouwing. Dat moatte we koesterje. Folle tûker is it om te te sjen nei ynnovatieve wizen fan gearwurking Sa ha we bygelyks ICT en de salarisadministraasje al ekstern ûnderbrocht.”

Belangrijke wijzigingen binnen Maeykehiem vinden op korte termijn op organisatorisch gebied plaats. Door verruiming van de rijksgelden is er meer budget voor zwaardere zorg, zoals Maeykehiem die aanbiedt. Daardoor ontstaat er ruimte voor bijvoorbeeld het opleiden van de medewerkers. ,,Wichtich is dat we dwaande binne mei de kwaliteit fan soarch.” In de ondersteuning wordt onderzocht hoe er verder kan worden gedigitaliseerd. Bovendien is er extra aandacht voor planning- en controlesystemen en de inrichting van organisatie en processen. ,,We moatte foarkomme dat yngripen yn ‘e takomst wer nedich is.”

Het liefst laat de kersverse bestuurder het personeel vertellen wat die kwaliteiten zijn. Twee willekeurige medewerkers markeren desgevraagd ‘Warmte en kleinschaligheid’, ‘vertrouwd in Sint Nyk’ en ‘betrokken vrijwilligers’ als kerneigenschappen. Van der Meulen vindt het ook bijzonder dat er alleen in hele uitzonderlijke cliëntsituaties met uitzendkrachten wordt gewerkt. Bovendien is er een enorme passie en betrokkenheid onder medewerkers en vrijwilligers. De bestuurder vertelt dat er veertig fulltime studenten van het Friesland College en NHL Stenden binnen de organisatie hun praktijkroute afleggen. ,,We merke ek dat se hjir graach staazje rinne. Maeykehiem stiet tichtby de studenten en by harren learfraach. Dêr meie we grutsk op wêze.”

190111 trijn v d meulen Maeykehiem 5Wat Van der Meulen betreft wordt de komende tijd de nadruk gelegd op de kwaliteiten van de organisatie. Bovendien wil ze graag de verbinding met Sint Nicolaasga aanhalen. Door alle organisatorische perikelen heeft de hechte relatie minder aandacht gehad.,,Maeykehiem heart by Sint Nyk en Sint Nyk by Maeykehiem. De organisaasje is in ûnderdiel fan it doarp en har mienskip. Sa is it altiten west, al 50 jier.”

,,Ik ha heard dat troch de ynterne problemen de saaklike kontakten wat ferwetterd binne. It iten by in lanlike organisaasje dellein. Dat kin wat my oanbelanget oars. Boadskippen moatte ús meiwurkers ek yn Sint Nyk of Langwar dwaan kinne. Dat ha we no al regele en mei al. Leefberens moatte jo mei inoar drage. Mei trijehûndert meiwurkers ha wy dêr ek in rol yn.” Van der Meulen wijst op de sponsorbus, die op het parkeerterrein staat geparkeerd. Dankzij ondernemers is dat veel gebruikte vervoersmiddel mogelijk. ,,Ik bin hjir no trije moanne en ha it oant no ta hiel drok hân mei de organisaasje, mar ik hoopje de kommende moannen ûndernimmers op te sykjen en fan harren te hearren wat sy fan Maeykehiem ferwachtsje en wat wy foar elkoar betsjutte kinne.”

Ook met het jubileumfeest wordt de verbinding met Sint Nicolaasga gezocht. ,,It ien kin net sûnder it oar. Dêrom wurdt it in feestwike foar kliinten, meiwurkers en mar ek foar it doarp. Foarsichtich wurkje we no al oan in programma, mar der is noch in soad romte foar de ynvulling. Foar eltse kliint moat it moai wêze, dus freget it wol om maatwurk. Der komt ek in reünie, mar we wolle ek seker de ynwenners fan Sint Nyk hjir hinne helje. Maeykehiem koe yn fyftich jier ek sa groeie, júst omdat it yn in bysûnder doarp festige is. We hoopje ek op stipe fan de Sint Nyksters.”

(Foto's: De Zakenman)

(c) 2014 - 2023 DeSintNykster.nl