Logo

230212 Idskenhuizen ROF Tsjerketsjinst kerkdienstOmrop Fryslân set de tsjerketsjinsten fanút de tsjerke yn Jiskenhuzen, dy’t yn febrewaris streekrjocht op televyzje útstjoerd wurde, op syn website. Dy fan snein 5 en 12 febrewaris steane der al op. De oaren folgje ek.

Dûmny Gerda Keizer gong de tsjinst fan snein 12 febrewaris foar. Fanfare Crescendo út Jiskenhuzen spile. Yn de tsjinst fan snein 5 febrewaris wie dûmny Aart Veldhuizen de foargonger. Douwe Smit spile op oargel en Sjoukje de Hoop en Marleen Uilkema-Jongsma giene foar yn it sjongen.

De tsjinsten wurde yn oparbeidzjen mei de Protestantse Gemeente Langweer organisearre. Beide gemeentes dogge al folle langer in protte meiïnoar. Beide gemeenten drage by yn de kosten fan de tv-útstjoering

Ek de kommende sneinen yn febrewaris binne de tsjinsten op televyzje te sjen.

- Tsjinst fan snein 5 febrewaris 2023
- Tsjinst fan snein 12 febrewaris 2023

Still: Omrop Fryslân

(c) 2014 - 2023 DeSintNykster.nl