Logo

200716 OmropynLangwarDe hiele dei wiene de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân tongersdei 16 july op paad yn Langwar. Se strúnden fan moarns ier oant de ein fan ‘e middei alles ôf. Arjen Bosselaar en Mirjam Werkman hiene de hannen fol oan de ûnderwurpen, dy’t se oppakten. Doarpskenner Johannes Brinksma, dy’t fan 1970 ôf fan alles yn Langwar filmet, wie as earste oan bar.

,,Wy hawwe it hjir hiel goed meiïnoar’’, liet Pytsje Boersma fan Pleatslik Belang foar de mikrofoan witte. Se ferhaalt ûnder oare oer de grutte fraach nei wenten foar de jongerein. De havenmasters Age en Jellie Hoekstra fertelden oer de coronamaatregels foar boatsjefarders. ,,Lytse boatsjes koene net komme.’’

De Vrouwenslagerij fan Anita en dochter Iris Dol waard ek fereard mei yn besite fan de Omrop-ferslachjouwers. Se brûke noch hieltiten de âlde resepten fan heit, sa fertelden se. Glêsatelier Splinter & De Vosch yn de âlde basisskoalle docht fan alles mei glês. Minsken komme út it hiele lân, mar no fanwege de coronacrisis efkes net. It nije fakânsjepark mei twahûndert wenten moat wer wat reuring yn ‘t doarp bringe, seit ûndernimmer Bauke Jonkman. Te grut? ,,In boer kin ek net mear fan fjirtich kij libje’’.

Fjirder oandacht foar de ferkeaper fan âlde kaarten en plattegrûnen Bartele Santema. Ald-ûnderwizer Peter Visser komt te set oer syn Tatra’s, de âlde auto’s út it Eastblok, wêrfan hy in eksimplaar út 1948 hat. Carla de Vries fertelt oer it fakânsjehûs fan Edwinstichting, ferneamd nei har soan Edwin. De wenning is oanpast foar âlden mei bern mei in beheining. Alef Spannenburg fertelt oan de bar fan café De Trije Swantsjes oar Sosiëteit De Gezelligheid, in klupke manlju dat op freedtejûn biljert, al sûnt 1883 en like lang gjin froulju as lid ha wol. Sa stiet it yn de statuten en sa is it.

Meer op deze link.

(c) 2014 - 2023 DeSintNykster.nl