Logo

290919 pastoor Brouwer 60 4SINT NICOLAASGA – Julius Brouwer (87) werd zestig jaar geleden in de kathedrale kerk van de H.H. Martinus en Jozef in Groningen gewijd als priester. De jubilaris vierde het heugelijke feit in Sint Nicolaasga, het dorp dat inmiddels zijn thuis is geworden. Ondanks dat Brouwer pastoor in ruste is, probeert hij nog altijd te leren en mensen te inspireren. ,,Religie is mear as it ynstituut. Ik bin gjin ambtenaar, dy’t allinnich de rigeltsjes kent en dy by de minsken del leit.”

Het Engelstalige boek ‘Rebuilt’ van Michael White ligt prominent op tafel in het appartement van Julius Brouwer. De auteur vertelt het verhaal over een Amerikaanse parochie, die een transformatie doormaakt van consumerend geloof naar een gevende geloofsbeleving. ,,Hoe geane jo om mei de omwentelingen yn it katolike leauwen”, legt Brouwer uit. Hij heeft het boek te leen van de huidige parochievicaris Remco Hoogma. Ondanks dat de 87-jarige pastoor feitelijk in ruste is, wil hij nog steeds leren. ,,Dat giet altiten troch. As jo net mear leare, binne jo libbend dea.”

Brouwer is kwiek en helder van geest. Daar ligt voor hem het geheim van oud zijn. ,,In man fan 98 jier frêge my, doe’t ik sels in jier of 43 wie, wat âlderdom eins is, ‘Dat kinne jo my miskien wol better útlizze’, sei ik. Hy antwurde doe: ‘As ik foar de spegel stean, dan sjoch ik in âld man, mar yn myn tinken bin ik net âld. Myn soan fan 45 is stokâld. Hy is hielendal kapot slein’. Sa is ‘t mar krekt. It is mar krekt hoe je sels yn it libben stean.”

290919 pastoor Brouwer 60 94Tot zijn tachtigste verzorgde Brouwer als deken van het dekenaat Sneek nog diensten voor Bakhuizen, Sloten en Woudsend. Op zijn tachtigste vond hij het de hoogste tijd voor een jongere generatie. ,,Fanôf myn 67ste die’k al gjin begraffenissen en besites oan syken mear.” Op dezelfde leeftijd verhuisde Brouwer samen met zijn zus van Sint Nicolaasga naar Balk. Ondanks dat hij er zestien jaar heeft gewoond, was de band met het dorp heel anders. ,,Doe’t ik yn Sint Nyk kaam as pastoor woe ik alle njoggenhûndert gesinnen kinnen leare. Sjoch, itboadskip is wol dúdlik, mar de tahearders moatte de fertaalslach meitsje. Om it evangeelje oer te bringen moatte jo witte wat der bei de minsken spilet, oars binne jo yn it luchtliddige oan it praten. Ik fûn dat de grutste útdaging en ek opjefte fan it wurk. Yn Gaasterlân hie’k in stapke werom dien en dan witte jo de skiednis fan de minsken net. Se prate oer harren bern en bernsbern, mar ik koe se net. Doe’t ik fjouwer jier werom wer yn Sint Nyk kaam, fielde it wer als thús kommen. Ik bin hjir 23 jier pastoar west. Ik kin de woartels.”

Brouwer groeide op in Westhem. Hij kwam uit een gezin waar meerderen kozen voor het onderwijs en dat leek ook de jonge Julius wel wat. In zijn pubertijd realiseerde hij zich dat hij liever meer algemeen dienend wilde worden. Het priesterschap speelde al in zijn hoofd, maar de definitieve keuze had hij nog niet gemaakt. Hij rondde het gymnasium af om vervolgens theologie te studeren. ,,Dan komme jo foar in wichtige kar te stean. Kieze jo foar it gesinslibben of in Selibatêr libben. Dat binne wichtige fraachstikken, wêr jo net mei oer yn nacht iis hinne moatte. Sjoch, efterôf tink ik dat ik it júste keazen ha, mar in gesin hie’k ek wol meimeitsje wold. Jo moatte wol foar hûndert presint efter de kar stean, oars komme jo yn in keursliif. Frustrearde minksen kinne harren funksje net goed útfiere.”

Als kersverse priester begon Julius Brouwer bij de parochie van Musselkanaal in Groningen. Een typische volkskerk, waar hij in het begin nog vier diensten voor dertien- tot veertienhonderd kerkgangers op een ochtend verzorgde. Gebruikelijk was in die tijd om na drie jaar te veranderen van parochie. Brouwer ging naar Wolvega, waar ook een vergelijkbaar aantal kerkgangers was. De stad Groningen werd de volgende uitdaging. ,,Dêr seagen jo, oars as op it plattelân, in weromgang yn tsjerkegang. Yn it plak fan dat it normaal wie dat jo, krekt as heit en mem, nei tsjerke gongen, sochten de minsken mear ferdjipping en makken se in bewuste kar. Doe’t ik yn 1976 yn Sint Nyk kaam, gong ik eins ek wer wat werom yn de tiid. Mei njoggenhûndert gesinnen út Sint Nyk en omlizzende doarpen wie it gewoan in grutte parochie. Ik foarseach wol in selfde ûntwikkeling as yn Grins. De measte minsken joegen my doe noch ûngelyk en tochten dat Sint Nyk oars wie. Dat hat wol oars bliken dien.” 290919 pastoor Brouwer 60 113

Het opvullen van een vacature in Sint Nicolaasga was zijn eerste klus in het ‘thuisland’ (,,De Stellingwervers rekkenje ik en sy harrensels ek net ta Fryslân”). Ten opzichte van de ‘stadjers’ hebben Sint Nyksters een andere mentaliteit. ,,Hiel ôfhâldend. En ik skrok wol wat fan de massale tsjerkegang. De sosjale kohesy is hiel grut en problemen mei bygelyks tranquillizers sa as yn Grins wiene der eins net.”

De overgang van drukbezochte volkskerk naar een leeglopende kerk heeft Brouwer dus van dichtbij meegemaakt. Hij heeft dit nooit als een probleem gezien. ,,Earder in kâns op mear djipgang. Minsken tinke folle bewuster nei oer de fragen fan it libben.” Hij is ook hoopvol over de toekomst en denkt zelfs dat het religieus denken bij de jeugd sterker is dan ooit te voren. ,,Se wurde net lokkich fan it louter materieel tinken. De nije generaasje hat net genoch oan allinnich in dik salaris en in goeie baan. Se wolle net ferdrinke yn it koarte termyn súkses. Dan komme jo yn in leegte terlânne, dy’t miskien wol yn de depresje einigt.” De bijbel moet in de ogen van Brouwer ook niet letterlijk worden genomen. ,,De skepping is ek net yn seis dagen bard, de evoluusje wie folle langer. It ferhaal moat ynspyrearje. Libbensfragen binne der altiten. De bibel jout mieningen en besiket in sekere gids te wêzen. As jo alles letterlik nimme, dan krije jo libbensgefaarlike situaasjes. Mar dat leit net oan de boeken, mar hoe oft jo dêr persoanlik mei omgean.”

Brouwer springt op dit moment zo af en toe nog bij in een dienst in de kapel van zorgcentrum Doniahiem. De hoge preekstoel wil hij, ook vanuit fysiek oogpunt, niet meer beklimmen. ,,Mar ik praat noch graach mei bygelyks Remco Hoogma oer de tsjerke en it leauwen. Ik hâld boppedat myn fakliteratuur by. Dat ik noch altiten leare wol hâldt my ek helder fan geest. Salang as jo dat kinne, is it libben is fiersten te boeiend om foar efter de geraniums te sitten.”

,,Yn it libben komt it net altiten presies sa as jo ferwachtsje. It libben is beweechlik. Dingen slagje miskien net altiten, mar op deselfde dei binne faaks ek saken dy’t jo bliid meitsje. As jo my dan freegje of ik in foldien gefoel ha oer de ôfrûne sechstich jier, dan kin net oars dan dêr folslein ‘Ja’ op sizze.”

290919 pastoor Brouwer 60 138

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

(Foto's: De Zakenman)

(c) 2014 - 2023 DeSintNykster.nl