Menu

zoeken

160414 Ali Breimer variantDONIAGA – Ali Breimer uit Doniaga gooit het stuur rigoureus om. De zekerheden van haar baan in de orthopedie geeft ze op voor het avontuur van een eigen bedrijf. Met 'multiservice' (,,In moai wurd is der eins net foar”) pakt ze het breed op. ,,De brede oanpak sprekt my oan. Saken as boekhâlding weksel ik it leafst ôf mei in útstapke mei minsken. Sa bliuw ik ek motivearre”.

,,Yn myn âlde wurk ha ik sjoen dat er hieltiten minder tiid is foar lytse soarchfragen. In âldere dy't harren soan of dochter net freegje wol far in besite oan de Hema bygelyks. Se dogge immers al sa'n soad. Of in waskje dat lizzen bliuwt en hielentiten mear tsjinstean giet, omdat it al sa drok is”, legt Ali Breimer uit.

Niet alleen in privé-situaties, ook in het bedrijfsleven blijven sommige zaken vanwege tijdsgebrek liggen. ,,Bygelyks in arbo-ynfentarisaasje, routing yn in restaurant of in friske blik op effisjensje. Kluskes dy't foarút skowd wurde en hieltiten lizzen bliuwe.” Door haar ervaring heeft Breimer van veel zaken kennis en kan ze een helpende hand bieden. ,,It bedriuwsplan foar myn ûndernimming hat wol in jier op 'e planke lein, mar noch altiten bin ik der hiel entûsjast oer. Dit is wat ik echt wol. Ik ha derom ûntslach naam”.

Breimer heeft in januari de knoop doorgehakt. De maand februari heeft ze gebruikt om haar bedrijf in 'facilitaire diensten' in de steigers te zetten. ,,It fielt befrijdzjend” ,vindt ze, ,,It giet my der net om om bulten jild binnen te heljen. Jild makket net lokkich, mar it is wol in helpmiddel om saken foar elkoar te krijen. Ik wol minsken foarút bringe, in nije blik op saken jaan, in kaaifunksje ferfolje en doarren iepenje dy't oars net iepen gean.” Breimer heeft een heel netwerk om haar heen verzameld zodat op alle vragen een antwoord gegeven kan worden ,,In earste ynstansje wol ik de minsken sels helpe, mar dat kin ek troch harren nei in soarch- of tsjinstferliening troch te ferwizen. As de minsken mar de bêste oplossing krije”.

160414 Ali BreimerHet ontlasten van mantelzorgers is voor Breimer een belangrijke motivatie geweest. ,,Sy dogge safolle goed wurk. Mar der komt sa'n soad op harren ôf. Somtiden is it nedich dat ek stipe wurde. Oan de oare side is it ek foar de minsken dy't de soarch krije noflik om 'ris te praten mei in frjemde.” Een ander moment van de dag duikt de inwoonster van Doniaga met alle plezier in de cijfertjes. Na het lanceren van een Facebookpagina kreeg ze meteen nieuwsgierige vragen. ,,Doel is dat minsken my fine kinne. Dat se aanst oer my sizze 'By Ali kin ik myn fragen kwiit, sy stiet foar my klear'”.

Naamsbekendheid komt vooral door mond-tot-mond-reclame, verwacht Breimer. ,,Yn myn eagen is de brede oanpak dêrom gjin risiko. Somtiden is it libben in kwestje fan gunnen. Privé-saken dy't ik oplos, iepenje miskien wol wêr duorren yn it bedriuwslibben. Oarsom is dat krekt sa. De hut sakket yn as jo de saken thús net op oarde ha.” Door haar ervaring in het bedrijfsleven weet ze dat hetzelfde geldt voor de kleine facilitaire diensten in een bedrijf. ,,Lyts, mar dochs sa wichtich. Faaks binne foarmje dizze zaken de motor fan in bedriuw. As dat net soepel rint en hieltiten op de grutte stapel komt, dan rint it yn 't lange least fêst”.

De eerste opdrachten komen inmiddels binnen. Breimer is er van overtuigd dat haar aanpak aanslaat. ,,Fansels sil ik mysels ferkeapje moatte, mar dingen ûntstean somtiden ek spontaan. Ik meitsje my dêr net al te drok om. Ik ha mear bekindheid as doel steld en wachtsje fjierders ôf wat der op myn paad komt. Ik stel my kwetsber op. Fansels kin it wêze dat ik oer in skofke in kar meitsje moat. Want wat lyts ûntstiet, kin fansels hiel grut wurde. Mar myn gefoel seit dat ik yn dat gefal altiten wer in kar ha. Dat is ek ûndernimmen. Passy foar wat ik doch, stiet foarop. Myn kar meitsje ik op gefoel”.

(Foto's: De Zakenman)



Help De Zakenman en DeSintNykster!

Fijn dat je onze berichten op DeSintNykster.nl en in De Zakenman leest! Houd beide unieke nieuwsmedia in de lucht en betaal een jaarlijkse bijdrage als Vriend van DeSintNykster.nl en De Zakenman.

Ja, ik word Vriend!